Holwert/Grou, 20 septimber 2023.
Eartiids wie it woansdei gehaktdei. No is it foar guon flechters woansdei kuorkedei.
Dit winterskoft sitte oan de Miedwei yn Holwert in tal woansdeis fjouwer minsken te kuorkjen. De gesellichheid stiet dêrby foarop. Moarns earst in bakje en wat prate. As de kofje op is en de earste ferhalen ferteld binne, kin it los yn de grutte loads. Dêr steane hûnderten skeaven reid te wachtsjen. Moai reid dat tige geskikt is foar wetterlânkuorren. En dat komt goed út want it flaaks is dit jier fan minne kwaliteit, as it der al is. Sels flechters dy’t ornaris klaaikuorren breidzje mei flaaks moatte no oerskeakelje op reid. Dat jildt trouwens net foar de kampioen fan 2022 Lolke van der Meer, dy’t al jierren fan reid de moaiste kuorren makket.
Om tolve oere is it tiid foar in slokje. En dan komme ek de ferhalen los, it iene ferhaal noch moaier as it oare. Mar dêrfoar is it ek It Swethok. As de panne mei grauwe earte en spek op tafel komt is de konsinstraasje op it board rjochte. De superlativen binne dan net fan de loft. Better iten is der hast net, hâlde se harren sels foar.
Nei it iten wurdt der middeis wer fanatyk kuorke. Trije mannen meitsje de koer dêr’t se moarns mei begûn binne ôf. Mar ien fan de mannen kin wat hurder en hat oan ‘e ein trije kuorren makke; dy hannen ha yn ‘e rin fan de tiid dan ek al gâns wat kuorren makke. It ferskil: elke hanneling is rekke.
Oer’t generaal mei de kuorren kwa model der wêze. Soms sjocht in koer der wat oars út as de bedoeling wie. Soe de tiid fan it jier ynspiraasje jûn ha om der in krystklok fan te meitsjen…?
Oer ien ding binne de mannen it iens: it reid fan Gjalt is tige geskikt foar wetterlânkuorren. Moai fyn reid mei reidgers.
Doe't Gjalt de Groot op in moarn in bosk reid pakte om te flechtsjen rûgele der ynienen in stikelbaarch út it reid. Blykber hie de stikelbaarch in sliepplak fûn yn it reid. Earder wie it bistje ek al yn it Swetshok opdûkt, wierskynlik op syk nei mûzen. Dat in stikelbaarch mûzen ite die wol bliken doe't de stikelbaarch fan it Swetshok nei de grutte loads ferpleatst waard en dêr in deade oanfretten mûs útspuide. Dus, ha jo lêst fan mnûzen, lokje dan in stikelbaarch as natuerlike predator.