Grou, 27 maart 2017
No’t it yn Den Haach wer rommer soppet en yn de skatkiste mear euro’s komme, wurdt it sosjale belied ek rommer. Sels de einen yn Lollum wenje no yn ISO-keur-kuorren, kompleet mei balkon en pannetek.
De Russen folgje de gong fan saken yn Lollum ek fansels. Giele badeinen en einepaleizen binne de earste tekens fan hàrren ynterpretaasje fan in sosjaler belied.