‘Wikel/ Tsjerkgaast, 11 novimber 2017
De bruorren Kees, Bouke en Gerrit flechtsje wetterlânkuorren. Dat binne kuorren dy’t folslein fan reid makke binne. Kees wennet yn Wikel, in heale kilometer fan de dyk ôf yn in moaie âlde pleats. Bouke en Gerrit wenje yn Tsjerkgaast , net fier fan de Spannenburger brêge. Foto’s jouwe in ympresje fan harren produkten en oare nijsgjirrichheden. (op foto klikke, dan wurdt er grutter)
Earst by Kees, dan by Gerrit en Bouke.