Friezen bringe einekuorren nei East-Friezen

Grou/Wergea/Oerterp, 6 febrewaris 2023

Jan Falkena, Lolke van der Meer en Cees van der Meulen flochten 13 kuorren foar jagers yn it Eastfryske Emden en sneon 4 febrewaris rieden we mei Jan syn royale auto grôtfol kuorren nei Wilfried Huebner, in boer ûnder de reek fan Emden, net safier oer de Dútske grins. Moarns 10 oere stie de kofje mei krinte- en sûkerbôle klear en wie der samar in sfear fan fertroulikheid tusken ús en dizze minsken dy’t har earst Fries en dan Dútser fiele. 

Nei de kofje rieden we mei in delegaasje fan de Jägerschaft Emden – by ús in WBE, in Wild Beheers Eenheid –  nei it fjild dêr’t de kuorren ynkoarten in plakje krije sille.

Doel wie de Ostfriesen te learen hoe’t in koer op in strampel heart te stean. We hawwe der alle fertrouwen yn dat dat klear komt.

By de taljochting hawwe we de mannen ferteld wat ús ûnderfiningen binne mei it wurkjen mei kuorren en dat de einen faaks wol in seizoen de tiid hawwe moatte om oan de nije briedgelegenheid te wennen.

Om 12 oere wie it itenstiid en bea Wilfried ús út namme fan de jagers in miel oan yn in doarpskafee.
In bysûndere belibbenis dizze kuorrereis nei Dútslân. We binne tige benijd nei de resultaten. Wilfried hâldt ús op ’e hichte!

Jan, Lolke en Cees.

Flechtsje foar spesjale groep

Dokkum/Grou, 6 februari 2023

De bruorren Bouwe en Hendrik Kooistra út Dokkum hienen op saterdei 28 jannewaris in demonstraasje dy’t wat oars wie as gewoanwei. Diskear ha se in kursus koerflechtsjen jûn oan in groep minsken mei de diagnoaze NAH (niet-aangeboren hersenletsel).

Hendrik: “Der wie us frege oft wy in demonstraasje jaan woenen en wat fertelle woenen oer it einekoerflechtsjen. Dit alles barde yn ‘zorgcentrum Heemstra State’ yn Oentsjerk. Dêrby woenen wy de minsken sels in kuorke (mandje) meitsje litte. En mei wat help en útlis is dat bêst slagge: in moai mandsje foar op de tafel.”

De Kooistra’s sjogge tefreden werom: “In moaie middei, organisearre troch de dames Martje en Jeltsje fan dizze stichting. Al mei al in slagge middei, dêrfoar ús dank. It wie top.”

“Wol in apart ferhaal”

Gytsjerk/Grou, 1 febrewaris 2023

“Hjir in foto, maaie 2022, fan in strieminne einekoer dy’t ik by de Dokkumer Ie by Tergrêft stean hie”, skriuwt Jan Oostenbrug.

“Ik ha de ein folge en dy hat de 8 aaien útbret. De koer gong it eintsje as in trapezewurkster yn en út. No sa sjochtst mar dat in koer fan tou it lang folhâlde kin en de ein der graach yn nestelje wol.  Dit is net in standert koer tink ik, mar wol in apart ferhaal.”

Dat binne wy mei Jan fan miening.

Domme einen?

Grou, 1 febrewaris 2023

By strange winters waarden de einen op in soad plakken byfuorre. Yn de ‘Frisia’, lange tiid in bekend wykblêd yn Grou e.o., fan 9 jannewaris 1964 stiet in ferhaaltsje fan de fûgelwacht Grou oer it fuorjen fan einen by’t winter.

Domme eenden

Volgens een Nederlands gezegde zijn eenden domme vogels. Dat ze nog niet zo heel erg dom zijn, merkt men verschillende malen als men de dieren dagelijks voedert en dat ze er zelfs een goed geheugen op nahouden blijkt wel uit het volgende tafereeltje, dat ons door een arkbewoner van de ”Goundaem” werd verteld.

Op één van de de vele rustige kille dagen, ongeveer midden december, dus nog voor de eenden deze winter werden gevoederd, was aan weerszijden van de brug over de Groudaem het water geheel toegevroren en zat een veertigtal eenden verkleumd en stil ineengedoken op het lichtbesneeuwde ijs. Mensen, groot en klein, liepen steeds af en aan overde brug, maar de eenden hadden voor niemand belangstelling. Zelfs niet als er eens iemand bleef staan om de kleurige groep in haar niet benijdenswaardige toestand even te bewonderen, bleven de koppen in het warme verenpak gestoken. ’s Middags na de thee kwam ”oude” Stenekes op z’n klompjes en in de duffelse jas gestoken van z’n huis uit de Oosterhoutstraat. Op plm. 10 meter vóór de brug ontmoette hij een bekende, waarmee hij enige woorden van ”goedendag” en ”koud” wisselde. Zijn stemgeluid drong door tot de eendengroep op het ijs en als bij toverslag was bij de dieren opeens alle suffigheid verdwenen. Lopend en vliegend repte de hele groep zich luid alarmerend naar hun weldoener van het vorige jaar. Omringd door deze rumoerige groep sprak Stenekes tot ”zijn schare”. Wat hij de dieren vertelde kon niet worden verstaan, maar het waren stellig bemoedigende woorden, want toen de ”oude” zijn weg vervolgde liep de hele kudde achter hem aan de brug over en begeleide hem daarna, luid protesterend tot ver in de Verlengde Meersweg.

Diezelfde avond viel in het Theehuis, op advies van Stenekes, de beslissing dat we alvast zouden gaan voederen.

Bonne Bruinsma

Njoggen nije einekoerflechters

Dokkum, 20 jannewaris 2023

Op saterdei 13 jannewaris hawwe de bruorren Kooistra wer in kursus einekoerflechtsjen jûn. Der wienen 9 persoanen en se kamen oeral wei: Glimmen, Kollum, Heino, Gerkeskleaster. Bûtendoar striemin waar, mar binnendoar lekker waarm by de houtkachel.

Der wurdt begûn mei in lekker bakje pruttelkofje mei in stikje boffert. Nei de kofje begjinne we mei wat útlis en wat help te kuorkjen. Earst wat ûnwennich, mar stadichoan krije se de slach te pakken en rillegau komt de stekpinne der by en kriget de kont fan de koer wat foarm.

Middeis in lekkere kop brunebeannesop mei in brochje en dêrnei geane we wer los. En ik moat sizze, de measte kuorren wienen knap slagge. Om healwei fiven wie eltsenien klear, wêrnei’t we ôfslute mei in Dockumer slokje.

De minsken wienen wurch, mar se gienen grutsk mei harren selsmakke koer nei hûs.

Bouwe en Hindrik Kooistra.

Om beurten in hapke

Holwert, 11 jannewaris 2023

Sieds en Maaike Sytsma, broer en suster, wennen op in spultsje, in stjelpke op de Sudermieden ûnder Hallum. Se hiene it al dy jierren stil hâlde kinnen. Al wol in jier as tolve hiene se de aaien fan de strânljip, dy’t elk jier by harren yn de finne in nêst hie, ferruile foar fjouwer hinne-aaien. De strânljip brette de aaien út en Sieds en Maaike fokten de pykjes fierder op. Sa kamen se alle jierren oan in pear jonge lishinnen. Dy fjouwer hinne-aaien dy’t ûnder de strânljip kamen, naam Thor fan Wanswert alle jierren foar harren mei fan Jense Pieters. Jense Pieters hie trochfokte Barnevelder hinnen dy’t omraak lizze woene. Ek as de dagen koarten, leine se sûnder keunstljocht troch. 

It hie ferline jier earst sa skoan like, fjouwer krigele pykjes. Mar al rillegau kaam de twivel en nei in wike of seis wie it sa dúdlik as wat: it wiene alle fjouwer hoantsjes. Sieds en Maaike, se hiene der wiidweidich oer peteare en doe dochs mar besletten de trije âlde hinnen noch in jier oan te hâlden. Mar it foel net ta, ien rekke fan de mik en dêrby fan de lêch en op in moarn lei er dea yn ’t hok. It koe net slimmer. De oare twa rekken wol gauris brodsk en wiene dan fan de lêch. Sa’n brodske hin kaam dan trije dagen en nachten sûnder foer en drinken yn in jutesek oan de line.De brotskens wie dan oer en nei in dei of tsien rekke sa’n hin wer oan de lêch. 

Mar no fan ’t winter wie it dochs út mei it lizzen en nei wer wiidweidich oerlis, hiene hja mar besletten, se kosten sa allinne mar, Sieds moast se mar slachtsje. Sa kamen se as lekker sneinsiten yn ’t sop. Sieds en Maaike rekken sadwaande sûnder aaikes. No hiene se fansels wol keapje kinnen, mar as jo it wend binne en yt eigen, dan is acht sinten foar in aai fan in oar fansels begrutlik jild. Boppedat, de smaak fan sokke aaien koe it fansels ek by lange nei net helje by dy fan harren frij op it hiem omskarreljende hintsjes. 

It moast fansels ek mar wer sa treffe, mar nei it ferstjerren fan âlde Thomas dêr tichteby harren op de Sudermieden, waard der boelguod hâlden en alles wat út dy âld klinte foar it ljocht kaam rekke ûnder de hammer. Sa kamen ek de acht troch âlde Thomas sels flochten einekuorren út de hoannebalken. Opropper Sjoerd priizge se wakker oan, hoewol’t de kenner fuort wol seach dat it gjin sprekken lije koe. It wie Wigle Klaazens fan Tergrêft dy’t krekt mei de hân in noasdrip ôffage, in gebeart dêr’t opropper Sjoerd in bod yn seach. Hy krige se alle acht oan de kont foar in gûne it stik. Hy seach frijwat sneu, dit hie it doel net west, mar syn protestearjen holp neat. Notaris sei koart: kocht. En dêrmei wie it ferhaal út. 

Maaike seach lykwols fuort mooglikheden en sei tsjin Sieds: ,,Moatst in koer keapje fan Wigle, mar do joust net mear as 75 sinten, hear, hy wol der wol ôf.” Nei in protte gestin en gekrimmenear slagge it Sieds dochs en hy kocht de suterichste koer foar 75 sinten fan Wigle. Thús waard dy âlde, sloppe koer mei pakjetou wat byinoar bûn en foar hûs yn de beam ophongen, sadat se út it keukentsje wei der sicht op hiene. En… o… wûnder, nei in dei as wat kaam der earst in jerke en letter in eintsje op de koer. Maaike sei tsjin Sieds: ,,Yn ’e hûs bliuwe, Bijke der ek net út, de boel net ferbalje.”

De oare moarns wie it spantsje by en op de koer. Dat gie sa noch in pear dagen troch en bepaalde sa moarns harren dwaan en litten. Mar doe fernamen se gjin ein noch jerke mear. It waard wakker beredenearre: soe it eintsje no oan de lêch wêze of soene se no dochs noch wer earne oars harren taflecht socht hawwe?
Sieds sei: ,,Ik sil ris yn de koer sjen.” Mar Maaike tocht dat it better wie en doch noch in pear dagen tiid. ,,It is in brún eintsje mei in echte wyldkleur en dy binne frij wat skrutel, dy ha sa’n skerpe rook, dat do moatst it no net ferbalje. As it al oan de lêch is moat it earst wat fêster sitte. Doch noch mar in pear dagen tiid en sjoch dan mar ris.  En Sieds, net earder as in oere of fiif op de middei.” 

Dat Sieds die noch in pear dagen tiid, luts doe in skjinne kile oan, wosk de hannen mei griene sjippe en wuolle foar’t er yn de koer fielde noch efkes mei de hannen troch wat âld hekkelguod op de sleatswâl om echt alle ferkearde rook fan de hannen te krijen. Doe fielde er yn de koer! En… oo… wûnder, hy fielde fjouwer aaien en in waarm gefoel streamde him troch de lea.

Fjouwer…, dan kin der ien út, trije lizze litte. En grutsk kaam er by Maaike yn ’t keukentsje mei in prachtich grien eine-aaike. Se bearden sân sekken heech, setten daliks in pantsje op ’t stel, it waard fuort sean. En doe, nei’t se it yn kâld wetter efkes kuolle hiene, waard it doppe, der kaam in tipke sâlt op… en… oo… hearlik! En mei de eagen suver hast ticht namen se om beurten in hapke! 

Gjalt de Groot

Wintermerk yn Ketlik

Âldskoot/Grou, 30 desimber 2022.

Lutske Visser trof it noch aardich op de wintermerk yn Ketlik. It wie net hielendal drûch, mar djip yn ‘e kraach ûnder in grutte parasol, en in temperatuer fan sa’n 10 graden wie it wol te dwaan.

Lutske wie wol tefreden oer de middei. “In moaie middei op de Wintermarkt yn Ketlik. Meardere minsken entûsiast makke foar it einekoerflechtsjen. En foaral in gesellige middei hân yn it doarp wêr ik wei kom.”

Op de foto’s is te sjen dat Lutske it wol nei’t sin hie, mei it Sint Thomaslieden op ‘e eftergrûn.

Mei kacheltsje oan flechtsje

Âldskoat, 28 desimber 2022.

Op de grize en tsjustere dagen oan ‘e ein fan it jier siket mannich flechter in gaadlik plakje om de foarried einekuorren op peil te bringen foar de kommende maitiid. De ien beskikt oer in rom hok, in oar moat him of har rêde mei in plakje dêr’t men de kont hast net keare kin.

By Lutske Visser út Âldskoat is it ek wat behelpen mei de romte. Se hat it kacheltsje der by oan yn it hok. “Kommende freed (30 des. red.) stean ik op de wintermarkt yn Ketlik mei demonstraasje einekoermeitsjen. En fansels om jim folders út te dielen. En ik ha ek in pear kuorren yn de ferkeap”, skriuwt Lutske, dy’t har ôffreget hoefolle in koer kostje moat. “It is al in skoft ferlyn dat ik se ferkocht ha. En ik ha gjin idee foar welke priis ik se ferkeapje moat.”

En dus freget se it bestjoer wat de advyspriis is. Mar dy is der net; elke flechter bepaalt sels de priis foar syn koer. En dan komt de hannel om ‘e hoeke, ek ien fan de moaie fasetten fan it einekoerflechtsjen.

Mei kacheltsje oan yn it hok dwaande mei de einekuorren.

Alwer fjouwer nije flechters

Dokkum, 17 desimber 2022

Op saterdei 17 desimber wer een kursus einekoerflechtsjen jûn. 7 man hienen harren opjûn; 2 ôfsizzers en 1 niks fan heard, in bytsje sneu mar toch wer in prachtdei hân.

Glûpende kâld bûtendoar, mar binnendoar lekker yn de waarmte fan de houtkachel.
Oan ‘e ein fan de middei fjouwer tefreden minsken mei in selsmakke koer wer nei hûs.

Bruorren Kooistra út Dokkum.

Te kâld om te flechtsjen

Aldeboarn, 18 desimber 2022

Foar sneon 17 desimber waard ik frege om te flechtsjen op ‘e krystmerke yn Âldeboarn, myn eigen doarp. Nettsjinsteande it kâlde waar woe it wol besykje. Mar ik kaam al rillegau ta de konklúzje dat it net te dwaan wie. It materiaal woe net meiwurkje: te kâld. Iksels hie wol thermoklean oan mar al gau kom je der efter dat, ek al sitte je yn de leite, je te kâld wurde.

Se fregen me as ik houtkachel bûtendoar wat brânende hâlde woe en op de kribbe te passen. Altyd klear sokke putsjes. Dêr bliuwe je wol waarm by. Yntusken koe ik yn it selskip fan in skiep mei in pear lammen en in ezel ek wat hannel dwaan. Dy ezel sil wol tocht ha: wat in ezel dy kerel 😀! Mar it positieve is: ek wer in nije lid derby foar de Strampel. Reklame docht ferkeapjen. 

Efkes op de ôfbylding klikke foar in grutter resultaat

Cor Snoeij.