Categorie: Nijs

  • Pruttelkofje, boffert en brunebeannesop: de doping foar it flechtsjen.

    door

    in

    Dokkum 20 jannewaris 2024 De winter is de meast geskikte tiid om flechtkursussen te jaan. De bruorren Kooistra út Dokkum ha geregeld in ploechje minsken yn harren smûke hok om dy it flechtsjen te learen. It houtkacheltsje oan, in bakje pruttelkofje mei in stikje boffert kin it oangean. Tsien kursisten begjinne nei wat útlis fan…

  • Hoe’t in einekoer yn Frankryk telâne kaam

    door

    in

    Dokkum, 21 jannewaris 2024 In ferslach fan de bruorren Kooistra út Dokkum. Goeie flechtfreonen.Yn de wintermoannen sitte de bruorren Kooistra twa jûnen yn de wyke te koerflechtsjen, moandeitejûn by Bouwe en woansdeitejûn by Hendrik yn it hok.  Op woansdei 17 jann. hienen we spesjaal besite út Normandië Frankryk: 3 jagers mei oanhing dy’t op utnûging…

  • Wintermerk Ketlik

    door

    in

    Âldskoat/Grou, 30 desimber 2023 ‘Hjoed in moaie dei op de wintermerk yn Ketlik mei de einekuorren’, skriuwt Liutske Visser. Se stjoert wat foto’s mei. Op de folgjende foto is it Sint Thomaslieden te sjen. It Sint Het Sint Thomaslieden yn Ketlik is in ieuwenâld folksgebrûk dat alle jierren fan 21 oant 31 desimber is. Eartiids…

  • Woansdei kuorkedei

    door

    in

    Holwert/Grou, 20 septimber 2023. Eartiids wie it woansdei gehaktdei. No is it foar guon flechters woansdei kuorkedei. Dit winterskoft sitte oan de Miedwei yn Holwert in tal woansdeis fjouwer minsken te kuorkjen. De gesellichheid stiet dêrby foarop. Moarns earst in bakje en wat prate. As de kofje op is en de earste ferhalen ferteld binne,…

  • Wintermerk Nes

    door

    in

    Nes/Grou, 9 desimber 2023 Op in soad plakken is yn desimber in krystmerk of in wintermerk. Sa ek yn Nes (NEF). Op fersyk fan de organisaasje fan’ ‘Winterfest Nes’ wie De Strampel op sneon 9 desimber mei trije minsken oanwêzich yn de (kâlde) kassen fan kwekerij Keegstra. Winterfest wie ûnderdiel fan ‘Winter-BROED’, in evenemint mei…

  • De kursussen binne wer los

    door

    in

    Holwert/Dokkum, 11 novimber 2023 No’t it winterseizoen wer oanbrutsen is, binne ek de kursussen wer los. Yn Holwert wie op sneoan 11 novimber in kursus yn ‘It Swetshok’ fan Gjalt de Groot. Hendrik Wierstra hat dêr in tal leafhawwers it ambacht fan it koerflechtsjen bybrocht. “De âldste dielnimmer wie 84 jier”, seit Gjalt de Groot,…

  • It nije flechtseizoen is wer oanbrutsen

    door

    in

    Grou, 23 oktober 2023 De ôfrûne tiid ha ferskate flechters wer op (kreamke-)merken stien. Fan de Kooistra’s t Dokkum ha we lêze kinnen dat se gauris op ‘en paad wienen. Koartlyn wiene se op lêste iepoeningsdei fan De Kruidhof yn Bûtenpost. “In frisse noardwestewyn, mar mei in flau sintsje en in protte folk wie it…

  • In duorsume koer

    door

    in

    Grou, 18 oktober 2023. Nei’t yn 2020 by Bonne Bruinsma yn Grou alris in stikelbaarch yn in einekoer syn wenplak fûn hie, is dit no ek op in oar plak it gefal. Cees van der Meulen meldt; “Fan in famylje dy’t in pear jier kuorren fan my kocht hat, krige ik bygeande foto mei de…

  • Hoe’t in heal bedoarne dei dochs noch slagge

    door

    in

    Bakkefean/Âldskoat, 9 oktober 2023 Op sneon 7 oktober ha wy fan de fûgelwacht Heerenveen-Oranjewoud mei trije man/frou by Jan Falkena oan it einekoerflechtsjen west. De dei wie neffens Jan al heal bedoarn omdat wy wat oan de lette kant by de Schaapskooi wienen. Mar de appeltaart dy’t wy meinaam hienen makke it wer goed. We ha…

  • Flechtsje op Wartenster Wetterwille

    door

    in

    Dokkum/Grou 24 septimber 2023 Op de dagen fan Wartenster Wetterwille wienen dit jier ek wer flechters fan De Strampel oanwêzich. Op 16 en 17 septimber lieten de bruorren Kooistra út Dokkum oan de besikers sjen hoe’t sy in einekoer ynelkoar breidzje. Se hiene in moai plakje by it museum, dêr’t dit jier ek oant 1…