Aldeboarn, 16 april 2025.
8 april siet Cor Snoeij middeis op in bysûndere lokaasje foar in demonstraasje einekoerflechtsjen: fersoargingshûs Nij Dekema yn Weidum. “ In heech rollator- en scootmobylgehalte ûnder myn besikers”, seit Cor. “Mar in gesellige middei, en dêr gie it om.”
It binne faak de moaiste demo’s, mei troch de kontakten mei de minsken. Dat ûnderfûn ek Cor. “Alde ferhalen binne my ferteld. Kinne jo dy en dy wol? Dy makke ek kuorren fan strie en kramtried. Prachtige anekdotes. Cor kaam amper oan flechtsen ta. “Mar dat wie ek net it wichtichste, de minsken fûnen it moai. Foar myn publyk libbe de skiednis, en dat is dochs moai?”
