Demo op Jeugdfûgelwachtdei

De Pein/Grou, 12 juny 2023

Op saterdei 3 juny wie de jeugdfûgelwachtdei fan BFVW, organisearre troch fûgelwacht Burdaard. By De Strampel wie in fersyk kommen om in flechter foar dy dei. Binne van der Velde reagearde fuortdaliks op de oprop op de webside, hy hoegde dêr net lang oer nei te tinken; “Dit is krekt wat foar my”, sei Binne. Op de buorkerij fan de famylje Bakker, earne tusken Jislum en Ginnum hie Binne in protte belangstelling fan de jeugd, dy’t graach sjen woe hoe’t in einekoer makke wurdt.

De famylje Bakker docht neffens Binne in soad foar de greidefûgels en de natuer yn it algemien. Njonken de pleats stienen in soad einekuorren yn de sleat. Foar de jeugd wie der fan alles te dwaan: se koenen fiskje, der wiene in mollefanger en in jager, in demontraasje mei rôffûgels en in demoanstraasje mei de drone om nêsten fan greidefûgels te sykjen.

Binne sjocht mei in goed gefoel op dizze slagge dei werom. Hooplik sieten der aspirant-einekoerflechters ûnder de jeugdige besikers.