Flechtsje by de ‘Dockumer Granaet’

Dokkum, 6 septimber 2024.

85 jier lyn waard de angelsportferiening ‘HSV Dokkum’ oprjochte.

Freed 6 septimber waard by dit jubileum stilstien.  De leden wiene útnûge om fan healwei seizen ôf oanwêzich te wêzen by it kluphûs fan scouting ‘De Granaet’, om mei-inoar te genietsjen fan in slokje en in buffet.  Ek wie ielrikker Bruinsma útnûge, en de pleatslike einekoerflechter Bouwe Kooistra.

Bouwe (diskear sûnder broer Hendrik) hie as âld lid fan de feriening gjin gebrek oan belangstelling. Njonken de sterke fiskferhalen hienen de oanwêzigen ek in soad ynteresse foar it einekoerflechtsjen.  Bouwe koe syn ferhaal oer flaaks, reid en flechtsjen ek goed oerbringe. Mei in soad âld-bekenden wie it dan ek in gesellich barren.

Mar doe’t it buffet iepene waard gie hjir alle belangstelling nei út. Nei it buffet koe in elk as neigesetsje noch genietsje fan farsk rikke iel.

Hjirnei koene de fiskers noch meidwaan oan in pubkwis, en koe Bouwe syn handel wer ynpakke en weromsjen op in tige slagge demonstraasje, wêrby’t it ynwindige fan de mins ek syn gerak krije koe.

Foppe Kootstra