Aldehaske/Grou, 30 septimber 2025.

Op sneon 27 septimber siet Cor Faber te flechtsjen op it Flaeijelfeest yn Aldhoarne. Om yn de nostalgyske sfear te bliuwen hat Cor in pear swartwite foto’s opstjoerd. Sa te sjen hie hy it dêr wol nei’t sin en wie der wol belangstelling foar syn flechterskeunsten.

