Dokkum/Grou, 26 augustus 2024.
Yn de neisimmer binne der ferskate aktiviteiten yn ús provinsje. Faak wol de organisatoaren dêr graach ien of meardere flechters by ha om de boel op te fleurjen. Foar De Strampel binne de demo’s in moaie gelegenheid om it âlde ambacht fan einekoerflechtsjen te befoarderjen. Flechters dy’t men dan gauris tsjinkomme kin, binne de bruorren Kooistra út Dokkum. Sa ek op sneon 24 augustus by de natoermerk fan De Fûgelpits yn Moddergat.
“Der wienen sa’n 20 kreamen”, skriuwt Hendrik. “Jo koenen alles besjen foar de opfang fan fûgels en oare bisten.” It waar siet mei foar de mannen: “Moars noch in lyts snjitterke rein mar de rest fan de dei drûch mei sinneskyn waar, en aardich wat minsken.” Der waard ek goed op de mannen past, neffens de Kooistra’s. “Kofje, tee, en middeis sop mei in broadje. Alle kompliminten foar alle frijwilligers fan de Fûgelpits”, beslút Hendrik.