Grou/Flânsum, 31 desimber 2018
Fan Twadde Krystdei oant en mei Aldjiersdei kamen in pear hûndert minsken ôf op it unike museum fan Titus de Wolff yn Flânsum. De gearwurking tusken Strampel en Museum koe net better. In belangstellend publyk, jong en âld! Cees van der Meulen siet dêr as fertsjintwurdiger fan ús feriening. Der wie alle gelegenheid te fertellen oer de bysûnderheden fan it koerflechtsjen, de winning fan reid en flaaks en it libben fan de einen. Sommige besikers ferlieten de pleats wer mei in koer en in folderke. Miskien komme der nije flechters út.