Jannum, 1 septimber 2024.
sneintemiddei 1 septimber wie yn Noardeast-Fryslân de HapSnap Kuiertocht, in tocht fan 9 km troch Flieterpen. De start wie by de terp fan Jannum, en fia Lichtaard, Raard en de Dokkumer Ie gie it werom nei Jannum. Ûnderweis waarden de dielnimmers ferrast mei ferskate kulturele yntermezzo’s. De ein wie op de terp fan Jannum, in plak dêr’t it liket dat de tiid stilstien hat. In pittoresk plakje mei in tsjerkje út de midsiuwen en dêrom hinne in pear huzen en in pleats; in oase fan rêst. Net frjemd dat skilders en keunstners dit plak útsocht ha om te skilderjen en te eksposearjen.
Op dit prachtige plakje mocht ik in demo einekoerflechtsjen jaan foar de pear hûndert kuierders dy’t dêr delstrutsen om mei in hapke en in drankje noflik by te kommen fan in kuiertocht by simmerske temperatueren. Net fuortendaliks de meast ideale omstannichheden foar it flechtsjen, mar yn it skaad fan de beammen en in goede foarbehanneling fan it reid wie it te dwaan. Nei in pear oeren wie it resultaat in echte HapSnap koer dy’t besjen lije koe.
Bonne Bruinsma