Bakkefean, 22 april 2018.
Jan Falkena en Cees van der Meulen joegen in demonstraasje koerflechtsjen op lamkesdei 2018. Doe kamen mear as tûzen belangstellenden by it Fryske Gea om de lamkes te sjen. Alles spilet him ôf om de prachtige skiepskoai hinne.
De foto’s, makke troch ien fan de gasten, Marrigt van der Valk, en fêste Strampelfotograaf Cees van der Meulen, jouwe in moaie yndruk fan it flechtsjen en it jonge libben by en yn de skiepskoai.
Der waarden kuorren en klokjes ferkocht en de earste belangstellende foar in kursus skreau ‘m ek al wer by Jan yn!