Kuorkje op de folkstúntsjes

Dokkum/Grou 6 july 2024

It flechtseizoen mei dan yn de winterperioade wêze, demo’s wurde meastentiids yn ‘e maitiid of yn ‘e simmer jûn. Sa kin men stelle dat it flechtseizoen foar guon flechters it hiele jier duorret.

Foar organisaasjes is it âlde ambacht einekoerflechtjen altiten in moaie oanfolling op harren evenemint. Op sneon 28 juny siet Gjalt de Groot yn Gaastmar te flechtsjen, dyselde deis wie der yn Dokkum de Iepen Dei fan Folkstúnferiening Nocht en Wille, en dêr jûgen de bruorren Kooistra in demonstraasje.

Neffens Foppe Kootstra ha se yn Dokkum in flechter dy’t ek “fûleinich túnker is, en dy koe hjir fansels net misse.” Sa siet dy sneons Bouwe Kooistra tegearre mei broer Hendrik te kuorkjen op it folkstúnkompleks yn Dokkum. “Se ha dêr it nije reid útprebearre foar it flechtsjen fan kuorren”, seit Kootstra. “Se ha in moaie dei hân. En al hold de handel dan net oer, de mannen ha genôch oanrin hân.”

Bouwe (links) en Hendrik yn ‘t sintsje oan ‘t kuorkjen.