Dronryp/Grou 16 septimber 2019
Op Iepen Monumintedei, sneon 14 septimber, wie der spesjaal yn Dronryp in (fyts)rûte útset by in tal monuminten del dy’t iepensteld wiene. De wurkgroep Ald Dronryp hat hjir in protte wurk ynset en it wie ek in grut súkses, skriuwt Yge Walsweer.
Hjirûnder syn ferhaal.
It begûn om 10.00 oere by de monumentale pleats Sinne State, wêr’t dhr Breuker, historikus út Skingen, in pracht ferhaal holden hat oer alle bysunderheden fan Dronryp en omstreken. Hjir wiene lykwols mear as 100 minsken op of kaam.
It bysundere wie wol dat er al foar de jiertelling sprake wie van in soart stripe fan Baaium oant Menaam oer de Ryp (Dronryp), wêr’t letter njonkenlytsen bewenning kaam, oan en op de kwelderwâl.
Dêrnei wie der kofje yn de trochreed en koene jo allegear âlde printsjes besjen en ek de âlde pleats.
Hjirnei gong de rûte nei de Puollen, earst by de wettermûne oan de Puolfeart, en hjirnei seagen we warempel it âlde ambacht fan einekoerflechter Johannes fan der Meer en de útstalling fan Sander Hempenius yn de kamûflaazjekontener flakby de plas-dras hjirnjonken.
Sander hie wer in hiele útstalling fan snaffels, skeletten, opstoppe fûgels, fûgelhokjes, farsksnijd reid (rûkt sa lekker seine de minsken!!), hy hie it drok mei it fertellen foar de minsken dy’t delkamen. Koartsein: in grut succes.
Johannes fertelde ûnder it flechtsjen wei fan de plas-dras, it ûntstean, de fûgelhut, neam mar op. Der ha in hiele protte minsken west, tanksy de rûte en it moaie waar en de ynset fan ferskate minsken.
Yn ‘e midddei koene jo healwei de tunen fan Schatzenburg ek noch besjen, úteinlik einige de fytstocht op Hatzum, wêr’t ek noch tal fan moaie platen en history te sjen wiene en fansels kofje of wat oars nei.
Tige tank oan elts dy dit mooglik makke hat. Oan de lûden fan de minsken te sjen en te hearen wie it in grut súkses.
Mei freonlike groetnis;
Yge Walsweer
Dronryp.