Net alle flechters binne sakelju!

Holwert, 1 jannewaris 2020

By demonstraasje giet it der meastentiids fredich om en ta. Dat wie wat oars by Gjalt de Groot yn it boeremuseum fan Titus de Wolff.
Gjalt hat syn aventoer beskreaun en tastjoerd.

Flechters binne sakelju.
No, hjir it ferhaal. Set it mar op de webside.

Ik siet 31 des. by Titus de Wolff, yn ’t pake Titus museum, te einekoerflechtsjen om’t it Cees net paste. Moast dyn eigen kuorren meinimme en ferkeapje, sa sei Cees. Klear, ik set in Strampel op, set der in koer op foar 20,- euro

Komt der in man, sjocht dy priis fan de koer en bliuwt wat sneu efterôf stean. Syn kop wurdt almar gremitiger. En dan brândt er los: “Dat roait fansels nearne nei, koe ik juster dy koer keapje foar 15, no moat er 20 euro jilde.”

Ik sei: “Ja, juster siet Cees hjir, hjoed ik, en myn kuorren kostje 20 euro.” 

“Hoe kin dat no!”  (Der leine ek noch seis kuorren fan Cees)

Ik sei: “Jo sjogge it sels wol, dy koer fan Cees hat lang dy kwaliteit net. Mar lykwols wol it my net oan dat Cees jo juster in koer oanbean hat foar 15 euro. De man noch lilker, ik stean hjir net te ligen!”                                                                                                                                                                                         “Ik koe dy koer juster krije foar 15 (wiisde de koer oan ), hie gjin jild by me, bin hjir hjoed spesjaal wer hinne fytst en no sil ik 20 euro jaan moatte? Noait!!” ( Lolke, Jehannes, Ige, Pyt, Titus en syn suster Sjoke en inkele oare gasten stiene der by, se holden suver de siken yn).

Ik tocht hjir komt gjin knaak by, tocht oan de reputaasje fan Strampel, har leden as earlike minsken rjocht troch see, de flok dy’t ôfroppen wurde kin oer Titus syn museum.
In man in man, in wurd in wurd. ,,As Cees jo dy koer juster oanbean hat foar 15 euro, dan krije jo him hjoed ek foar 15.

De man sette mei de koer ôf, noch net alhiel fan harte.

Lolke sei: “Ik sil Cees belje.” Krige Cees oan de tillefoan en frege: “Gjalt hat in koer fan dy ferkocht, wat moat er mei dy ôfrekkenje?”

Cees: “18 euro!!”

Flechters binne sakelju, mar net algearre!!

Gjalt