Poppenwier/Grou, 10 febrewaris 2024
Njoggen flechters sieten sneon 10 febrewaris om 10:00 oere klear om it publyk sjen tte litten hoe’t in koer flochten wurdt. De earste besikers wienen der doe ek al om in praatsje te meitsejn mei de flechters. Guon stiene mei iepen mûle de keunsten fan de flechters ôf te sjen: dat is dochs wol knap om fan dat losse reid in moaie stevige koer te meitsjen, tochten se. En elke koer waard op in eigen wize makke. Foar de einen in klaaikoer (fan reid en flaaks), in wetterlânkoer (hielendal fan reid), wylgetiennekoer en Trynwâldster koer, en foar de sjongfûgeltsjes nêstkastjes.
Ek middeis wie der aardich oanrin, sadat organisaasje en flechters nei ôfrin weromsjen koene op in tige slaggen Beurs. Der binne ferskate kuorren en nêstkasjes ferkocht.
Startproblemen
Doe’t de lêste flechters nei ôfrin fan de Beurs op hûs ta soenen, hearden dy op it parkearterrein in grutte gjalp om help. It wie Bouwe de Groot. Syn auto woe net starte en om’t de oaren op it punt stienen fuort te riden, rôp Bouwe: “Ik moat stroom ha. En kabels.” Ien fan de mannen hie dy wol by him. Bouwe bekaam no al wat. No is it yn dy nije auto’s faak in toer om de ûnderdielen fan de motor te finen, mar de akku waard fûn. Dat Rypke Glas makke de kabels fêst oan de akku fan Bouwe syn auto en Bouwe stapte yn syn auto om te starten. “Soe ’t net better wêze om earst it oare ein fan de startkabels ek oan de oare akku fêst te meitsjen?”, seinen de oare mannen. Rypke makke de reade kabel oan de donorakku fêst. Mar foardat hy de swarte kabel ek fêst meitsje koe, hie Bouwe syn autokaaike omdraaid en startte de auto: vroem…vroem…Rypke hearde de motor rinnen en stie mei de swarte kabel wat sneu te sjen….”Ik wie noch net klear”, sei Rypke ferheard. Mar Bouwe wie sa entûsiast en samar ynienen rôp er: “Dat ha jim goed dien, mannen.” Mar dy hienen sa harren eigen gedachten: Bouwe sil it kaaike wol net goed omdraaid ha de earste kearen…