Slachtekuorren

Hitsum/Grou 15 juny 2025

Nei fjouwer jier wie der sneon 15 juny wer in Slachtemaraton. Tusken Easterbierrum en Raerd wienen fan keriter foar sânen en 10:00 oere jûns 1300 hurdrinners en 10.000 kuierders op wei foar in tocht fan goed 42 km.

De organisaasje fan De Slachtemaraton hie by de rûte lâns in trijetal Oases betocht dy’t troch in pleatslike groep frijwilligers ynrjochte waard. Yn Hitsum wie it tema Midsieuwen. Njonken de grutte tinte dêr’t de kuierders trochhinne moasten hie de pleatslike organisaasje it terrein ynrjochte mei fruitbeammen, kreamkes en fee. Ek woe men dêr graach in einekoerflechter by ha. 

In wike foar de Slachte waard dúdlik dat der nimmen reageard hie op de oprop op de webside. No, dan sels mar, want ik hie tasein dat der immen komme soe. Noch wol in punt: der moast noch reid skard wurde. Op himsels net sa’n grut probleem, mar it drûgjen fan it reid wie mei it wikselfallige waar wol in toer. Dan mar yn de garaazje. En mei de doarren tsjinelkoar iepen waard it dochs noch wat drûch.

It terrein fan de Oase by Hitsum

Moarns om 7:00 oere fuort. Ûnderweis kaam it reinwetter al mei bakken nei ûnderen, mar by oankomst yn Sopsum (by Hitsum) wie it drûch. De lêste hurdrinners fan de maraton kamen doe krekt foarby.

De loft betsjutte lykwols net folle goeds en it duorre mar efkes of it begong wer te reinen. En net sa’n bytsje ek. Aldergelokst hienen se foar my in drûch plakje yn in tinte. Acht oere los mei ’t flechtsjen en doe kamen ek de earste kuierders; in strak tempo, de blik foarút en gjin each foar alle kultuer om har hinne. Dat waard letter wol oars: geregeld ynstimmende knikjes of in hân omheech.

In lange rige kuierders wachtsjend foar de grutte tinte

It reinde betiden dat it earzge en de dielnimmers wienen sawat ûnherkenber troch de poncho’s ensfh. Geandewei de moarn begong it ek hieltiten hurder te waaien, al kaam yn ‘e rin fan de moarn sa út en troch ek it sintsje noch tefoarskyn en koenen de dielnimmers efkes op in bank sitte.

Nee, dan hie ik it nofliker yn de tinte. Út de wyn en ûnder dak. Soms kamen groepkes minsken by my skûljen en guoddens jûgen harren efkes del op de sitsekken dy’t dêr leinen en eins bedoeld wienen om rûnom op it fjild te lizzen sadat minsken dêr wat útrêste koenen.

Yn de tinte wie it wol drûch

Klaas wie der ek mei syn freoneploech út de Trynwâlden. Klaas wie dy deis 30 jier wurden en dat wie net te missen oan de opdruk op de T-shirts. Hy hie gebak meinommen en dat foel der nei de barre earste kilometers wol yn fansels. Der wie ek in stikje foar my. Dat ik mei de slachrjemme om de mûle oan it flechtsjen. Ûnderwilens luts in stream kuierders dweiltrochwiet mei it wetter yn de skuon en skuorde poncho’s oan my foarby.

Klaas 30 jier

It flechtsjen woe net al te bêst, want ik hie net it meast geskikte reid. It waarden griene kuorren, troch it farske reid dat net goed drûch wie en troch it wiete waar allinnich mar wer wieter waard. Dêr kaam by dat de minsken dy’t by my yn de tinte skûlen gjin each hienen foar it reid op de grûn en dêr gewoan mei de smoarge skuon oerhinne rûnen. Mar ach, it gie ek net om de kuorren mar om it opfleuren fan it barren. De kuorren? Ik neam it Slachtekuorren dy’t my letter wer herinnerje oan de prachtige moarn dy’t ik dêr hân ha.

Bonne Bruinsma