Dokkum, 22 maart 2025.
Sneon 22 maart hie Bouwe Kooistra in solodemonstraasje. Diskear sûnder broer Hendrik op ’n paad. Op de foto’s soene jo sizze dat er yn in kleansaak siet te kuorkjen. Mar yn werklikheid siet er as iere fûgel by de Welkoop yn St. Anne.
Sels op dizze iere moarn wie it drok, en wie der genôch belangstelling foar it einekuorren meitsjen. No ’t de foarried reid hast ta nihil slonken is, en der gjin kursussen en demonstraasjes mear op papier stean, kin de oandacht no nei de folkstún gean.
Mar sjoen de nedige grutte bestellingen is it no al dúdlik dat it takom seizoen wer drok wurdt


