‘Versmarkt’ Reduzum mei flechtdemonstraasje

door

in

Grou, 25 augustus 2021

No’t de measte minsken faksinearre binne wurdt der wer wat mear mooglik en kinne der wer wat aktiviteiten hâlden wurde mei ynachtname fan de koroanaregels.

Sneon 27 augustus sit Streampellid Bouwe de Groot te flechtsjen op de ‘Versmarkt’ by Ale de Jager.

Sjoch foar mear ynformaasje by Eveneminten

Bouwe seit dat hy de lêste wiken tige aktyf west hat: Ôfrûne wike tige drok hân mei de tarieding; 20 einekuorren en 20 fûgelbriedhúskes flochten. Fierders dizze wike noch 40 skeaven reid snien en drûge, en it flaaks skjinmakke en drûge.

De opslach fan Bouwe