Flechter frege foar berneboekedei

Terherne/Grou, 9 septimber 2022

De organisaasje fan de berneboekedei yn Terherne op 16 oktober is op syk nei in flechter dy’t in bydrage jaan wol oan dizze dei.

It tema is dit jier Gi-ga-Groen en kommisje fan de berneboekedei hat wer in leuk programma betocht. Ûnder oare: Foarstellings, Boekemerk, Workshops en in Foksejacht (vossenjacht). De berneboekedei is fergees tagonklik en der wrude wer in protte bern (en âlders/pakes/beppes) ferwachte.

Foar de Foksejacht wurdt in koerflechter yn aksje socht. De Foks is keppele oan it boek Pykje Fjouwer en mei de foarbykommende bern fertelle/demonstreare oer it koerflechtsjen en in letter út de puzzel kado jaan. 

De organisaasje hopet dat der immen út de ferieniging aardichheid oan hat om de berneboekedei mei in súkses te meitsjen! Der is allinnich gjin romte foar in fergoeding… 

Wa’t belangstelling hat, kin kontakt opnimme mei Tjitske van Slooten-Bouma, 06-19228918.