Flechter frege foar jeugdfûgelwachtdei

Frentsjer/Grou 23 april 2025.

Fan de fûgelwacht út Frentsjer kaam it folgjende fersyk.

“Sneon 14 juni o.s. mei Fûgelwacht Frjentsjer de jierlikse Jeugdfûgelwachtdei organiseare, yn gearwurking mei de BFVW. Neist alle marktkreamen ha wy ek in stand mei in mollefanger en jager. Ús like it wol kompleet om hjir ek in kuorreflechter by te hawwen.”

Plak: op it hiem fan de Fam Bergmans yn Winaam.
Tiid: it begjint om 8:30 oere en duorret oant sawat 12:30 oere.

Belangstelling? Graach kontakt opnimme mei Sikke Dijkstra, foarsitter Vogelwacht Franeker e.o, 06-58718123.