Grou/Âldeboarn 5 febrewaris 2024
Sneon 3 febrewaris sette Bouwe de Groot en Cor Snoeij ôf nei Boazum. Doel: it jaan fan in kursus einekoerflechtsjen oan de pleatslike fûgelwacht, dy’t mear einekuorren yn it doarp ha wol. Bouwe hat de auto fol mei flaaks, reid en oar guod. Foar de learlingen binne der ek krukjes meinommen. Cor hat foar 15 nullen soarge.
Yn Boazum hat de fûgelwacht foar in moai ûnderkommen soarge: in boereskuorre mei geiten, wat kij mei kealtsjes en de 12 kursisten op pakken strie. “In moaie natuerlike omjouwing foar it meitsjen fan einekuorren”, konstatearret Bouwe.
Om 10:00 oere wurdt úteinsetten mei in koarte ynstruksje fan de learmasters en kinne de earste foarsichtige slaggen makke wurde. Dat it earste begjin net it maklikste ûnderdiel is, sjogge de mannen al gau. Mar nei de lekkere kofje mei eigenmakke cake fan de dames giet it mei nije moed al in stik better.
Stadichoan wurdt it begjin fan de koer by de dielnimmers sichtber. “Inkele dielnimmers begjinne der sels al in bytsje slach fan te krijen”, seit Cor tsjin Bouwe. Se sjogge dat oaren wat mear wrakselje mei nulle en materiaal. Om ien oere jouwe de learmasters it sein foar it middeisiten: hearlike broadsjes en twa pannen mei echte boeresop, makke troch de dames. “Geweldich” is de reaksje fan Bouwe en Cor. Lang kin de ûnderbrekking net duorje, want der moat al in koer makke wurde fansels. Dat al gau wurdt de nulle wer yn it reid stutsen en giet it wer oan ûnder de betûfte lieding fan de learmasters. Dan begjinne ek de earste kuorren al sichtber te wurden. Om trije oere binne de measte kuorren klear. “De iene koer foar lytse kwêkereintsjes en in oare koer mear foar swannen”, sjocht Bouwe, dy’t bliid is mei de oanwêzigens fan Cor. “De minsken dy’t rjochtsom flechtsje kin ik wol begeliede, mar mei flechters dy’t linksom flechtsje ha ‘k mear muoite. Mar Cor kin dat as linksom-flechter prima.”
Der wurdt ôfsluten mei in hapke en in drankje, en dan kin elkenien mei in gefoel fan foldwaning op nei hûs. De kuorren kinne ophongen wurde.
“By libben en wolwêzen komme we takom jier graach werom yn Boazum. Dan foar de plattelânsfroulju dy’t ek graach in einekoer flechtsje wolle. Elkenien bedankt foar de moaie dei.”
Bouwe en Cor.