Bûnt selskip kursisten

Dokkum/Grou, 4 febrewaris 2025.

Op saterdei 18 jannewaris Hienen de bruorren Kooistra harren earste einekoerflechtkursus fan it nije jier.

Diskear foar in groep fan tolve minsken. “No net foar Friezen”, seit Hendrik, “mar foar acht minsken út Grunn, twa út Delft, in Rotterdammer, in Amsterdammer en in Hagenees. In bûnt selskip, mar in prachtich moaie ploech.” Nei in bakje pleur, in stik boffert gie it stel oan de slach.

“De kachel hat de hiele dei baand. Dêr soarge kursist Anton foar, dy fûn dit geweldich moai wurk: fjurkestoke.”
Nei de brunebeannesop wie der middeis in grutte ferrassing foar de mannen. Hendrik: “RTV Noord kaam om in reportaazje te meitsjen oer minsken út Grunnen dy’t koerflechtsje yn Fryslân. In lyts feestje sille we dit mar neame.”

Wat wie it gefal? PR-man Foppe Kootstra hie in berjochtsje nei de Grunniger omrop stjoerd dat der op 18 jannewaris acht Grunnigers koerflechtsje soenen yn Dokkum. Op it filmke is te sjen daat de learmasters en de kursisten in prachtich moaie kursusdei hân ha.

Hjirby in pear foto’s en in pear fideo’s fan de dei.

Hjir is de hiele útsjoering fan ‘Expeditie Grunn’ te sjen. It item oer it flechtsjen is oan ‘e ein.