Drokke wike

Dokkum/Grou, 3 maart 2025

“It wie in drokke wike by ús yn it flechthok yn Dokkum”, sa begjin Hendrik Kooistra syn berjocht. “In pear wiken lyn hienen de twa âld-bestjoersleden Jan Falkena en Cees van der Meulen al in besite oan ús brocht, ôfrûne woansdeitejûn kaam âld-foarsitter Gjalt de Groot del. It kuorkjen is der wat by bleaun mar de smoutste en prachtichste ferhalen kamen op it aljemint: oer de aaisikerij, fjildferhalen en de fiskerij; de jûn fleach om.”

De Kooistra’s hienen ek noch in lyts presintsje foar Gjalt. “As jo sa’n 70 jier flechte ha, dan binne jo Master”, sa fine de mannen út Dokkum. De oarkoande sil grif wol in plakje krije by Gjalt yn It Swetshok, tinke se.

Op saterdei 1 maart hienen Hendrik en Bouwe Kooistra en harren trouwe begelieder Foppe Kootstra de lêste kursusdei fan dit winterseizoen. “In moai lyts ploechje fan 6 misken: 2 út Fryslân en 4 út Nigtevecht. Dat leit ûnder Amsterdam”, leit Hendrik út. “Dizze minsken wienen freed dizze kant al út kommen en hienen in nachtsje slept by ’t Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl.”

It hat neffens Hendrik wer in moaie dei west mei “alles der op en oan: pruttelkofje,  boffert en brunebeannesop en oanslutend slokje.” En oan de ein fan de dei koe elkenien in knappe koer mei nei hûs ta nimme.

De gasten út Nigtevecht hienen ek noch in ferrassing foar de learmasters: in hearlik krúkje mei in Nigtevechter slokje. “No, dy moatte wy by de earstkommende flechtjûn mar efkes priuwe”, beslút Hendrik.

1 maart 2025

Afbeelding 1 van 4

De bruorren Kooistra en Foppe Kootstra sjogge werom op in prachtich moai flechtseizoen wêryn’t se tsientallen nije flechters it âlde ambacht fan einekoerflechtsjen leard ha.