Flechtkursus foar minsken rûnom wei!

Dokkum, 16 febrewaris 2018.

De bruorren Kooistra fan Dokkum soargje der elk jier wer foar dat minsken it koerflechtsjen leare. Harren klaslokaal is net allinnich waarm mar ek nostalgysk ynrjochte.

Se skriuwe:

             Hjoed wer in moaie ploech hân te kuorkjen. Jagers út Kampen en omkriten, 2 man út Biddinghuizen en 2 man fan Urk. Dy hiene  hearlike rikke salm meinommen, ferskriklike lekker. Eltsenien in moaie dei hân en mei in goed gefoel mei de sels makke koer wer nei hûs.