In út- en in thúswedstriid

Dokkum/Grou, 1 desimber 2024.

“Goeiemoarn, efkes 2 ferslachjes fan 2 kursusdagen”, sa begjint de e-mail fan de bruorren Kooistra. “De earste is in útwedstriid by bernebuorkerij Jan Raap yn Katlik. Dizze man hienen wy moete yn Âldhoarne earder dit jier.”

Flecht op ‘e koai

Blykber binne de mannen fan Dokkum populêr. Der soenen acht persoanen komme, mar der kamen tsien: sân froulju en trije manlju. “Eins wie de romte wat oan de krappe kant, sizze de bruorren, “mar mei wat ynskikken koe it krekt. Al mei al wer in moaie dei en in erfaring riker.” En lykas meastal sjogge de mannen de kursisten op de neimiddei wurch mar tefreden mei harren eigenmakke koer wer op hûs oan gean.

Thúswedstriid

Sneon 30 novimber hiene de Kooistra’s in “thúswedstryd”. Ek no hienen se in groep fan tsien lursisten, neffens Hendrik. “Sân man út Nyegea, allegear fan de pleatselike biljertklup. Fierders ien út Surhústerfean, ien út Gerkeskleaster en ien út Wynjewâlde. Bûten wie it kâld, mar yn it flechtershok brânde de houtkachel. Nei wat útlis mei in bakje kofje moasten de mannen oan ’t wurk.” Ek no hienen guon it samar yn de fingers. “Mar der binne altyd in pear by dy’t jo de hiele dei bystjoere moatte, want oars komt der in frjemd produkt te foarskyn”,

“Middeis nei de brune beannen wer los. De earsten om twa oere al klear, de lêste om trije oere. Moai op tiid. Mei in groepsfoto en in Dockumer slokje  kaam dizze dei ek wer oan syn ein.” Oft de mannen fan de biljertklup no aansens ek biljertballen makket fan reid en flaaks, dat meld it berjocht net.

Klik op de foto’s foar in gruttere ôfbylding

Hendrik en Bouwe Kooistra