Wytmarsum/Dokkum, 15 febrewaris 2025.

De bruorren Kooistra hawwe twa sneonen in útwedstriid holden. Op 8 en 15 febrewaris ha se in kursus jûn yn ‘Groencentrum Witmarsum’. It hie dizze goede klant ferline jier sa goed foldien dat se dit jier genôch kursisten krigen foar twa dagen.
Guon kursisten hawwe net genôch kréft yn ’e hannen om in grutte koer te meitsjen, mar binne ek hiel tefreden mei in eigen makke kuorke, en dat skeelt de learmaster in hiel soad wurk.
Dizze twa dagen ha de bruorren besocht om oan 25 kursisten ús prachtich âld ambacht troch te jaan. De manlju diele geregeld in folder mei harren foto út en freegje oan froulju om dy boppe harren bêd te hingjen. As dat hjirfan komt of dat it in oare oarsaak hat, mar it persintaazje froulike kursisten is de lêste tiid wol hiel heech.
Oer beide dagen wiene er fan de 26 kursisten 17 fan it froulik geslacht. Mar froulju binne kreatyf en kinne faaks goede kuorren meitsje. Al mei al twa hiele slagge kursus dagen.


De catering fan it griensintrum hat beide dagen wer o sa goed op elkenien past. En omdat elkenien tefreden wie binne der alwer ôfspraken foar takom jier makke.
En nei 7 kursusdagen (miskien noch ien te gean) mei sa’n 70/80 dielnimmers en 9 demonstraasjes komt de ein fan de reidfoarrie ek hast yn sicht.


Foppe Kootstra.