Dokkum/Grou, 21 desimber 2024.
Wrâldferneamd binne de bruorren Kooistra út Dokkum, alteast: yn Fryslân en omkriten. Ek yn it fiskersdoarp Urk binne de flechtkeunsten fan de Kooistra’s net ûnbekend. Sa koe it dat op sneon 14 desimber njoggen man út Urk foar in flechtkursus nei Dokkum kamen. Twa hienen yn 2028 ek alris west.
De mannen hienen it yn it flechthok by de houtkachel better as bûten, want it “wie gloeiende kâld”, neffens Hendrik.
Nei in bakje pruttelkofje mei boffert gie it los, en om 15:30 oere hinne wienen de measte kuorren klear. “Werke en wrotte, dat koenen de Uurkers wol”, skriuwt Hendrik. “En sjonge, dat koenen se ek tige goed. It hearde krekt of wie in kompleet Urker mannekoar by us yn it flechthok.” De Urkers hienen ek noch in ferrassing meinommen: In skaal fol mei hearlike dikke salmmoaten.
Oan ‘e ein fan de middei setten de Urkers mei de kuorren wer ôf. Takom maitiid steane der dus ek kuorren yn de Polder.