Vroem-Vroem op kursus

Dokkum, 25 jannewaris 2025.

“In lyts ferslachje oer alwer de 5e kursusdei fan dit winterseisoen”, sa begjinne de Kooistra’s út Dokkum harren berjocht. “Op dizze saterdei siet it flechthok wer aardich fol. 11 persoanen hienen harren opjûn om in kursus koerflechtsjen te folgjen.”

7 man wienen freonen fan Hendrik fan de ‘Solexclub Vroem-Vroem’ út Medemblik. “It riden mei de Solex-brommer is in simmerhobby fan my”, seit Hendrik. Njonken de mannen út Noard-Hollân wienen der noch twa froulju út De Wâlden, in Grunninger en in Stellingwerver. “Dat wie de ploeg dy’t it hjoed dwaan moast. En ik moat sizze: de froulju wûnen it hjoed fan de manlju, want se makken de moaiste kuorren.”

En sa waard it al wer in tige slagge dei yn it flechthok fan de Kooistra’s yn Dokkum. En dat is op de foto’s yn de galerij hjirûnder wol te sjen.