Dokkum, 11 maart 2018
It folgjende moaie berjocht mei foto’s kaam binnen by de redaksje:
‘Op saterdei 3 maart wie it wer gesellich drok yn ús flechthok. In famylje-útsje fan 9 minsken út de Westereen wie dizze dei by ús te kuorkjen. Bûtendoar winterkjeld mar binnendoar lekker waarm by de houtkachel. Saterdei 10 maart de kuorren op de strampels set en no mar hoopje dat de eintsjes de kuorren fine kinne. Bouwe en Hendrik Kooistra, Dokkum’.