Lease-kontrakt foar einekoer

Grou, 14 maart 2023

Bouwe de Grout fan Grou krige in fraach oer in lease-kontrakt foar einekuorren.

Begongen as flechter fan einekuorren makke Bouwe ek al rillegau nêstkastjes. Mei syn negoasje reizget hy mei in soad nocht en wille allerhanne braderieën en merken ôf. Om wat bekendheid te jaan oan syn aktiviteiten hat Bouwe sûnt dit jier nammekaartsjes. ”Oan elke makke koer hingje ik sa’n kaartsje. Dit jier ek by de kuorren dy’t ik by de boumerk ôfleverje.”

Dat smyt ek reaksjes op, neffens Bouwe. “Koartlyn waard ik skille troch in mefrou mei in ‘heech Haachsk aksint’: Meneer de Groot, u bent de maker van de mooie rieten eendenkorven.” Bouwe antwurde befêstigjend. ”Wij hebben er twee gekocht, zou u er een bij onze buitenwoning aan De Pikmar kunnen monteren?”

Bouwe: ”Waarom maar een, en die andere dan?” 

De mefrou:”Mijn man vindt ze zo mooi, een eendenhok hebben wij in de gang als paraplubak geplaatst, de andere willen wij graag in de Pikmar of in een boom hebben gemonteerd. Zou u dit kunnen verzorgen?  Wij betalen graag voor deze activiteit; als u de korf ook weer ophaalt en volgend jaar weer plaatst, regelen wij graag een lease-contract afspraak.”

”Ik ha mar tasein dat ik de koer fergees kom montearen en dat hja sels der mar fierder mei rêde moat, seit Bouwe. “Sa sjogge jo mar: de tiden feroarje en de minsken ek. In ûntsoargings-lease-kontrakt foar einekuorren. Wa hie dat betinke kinnen… Ha de nammeplaatsjes dochs nut.”

Melding fan earste piken yn 2023

Wurdum/Harns, 12 maaart 2023

Jinke Kuperus meldt de earste jonge einepykjes by in kennis fan har yn Harns.

It is net krekt dúdlik wannear’t de 12 pykje útkommen binne: op 11 of 12 maart. Se komme út in koer dy’t oan in wenboat hinget.

De pykjes sille it swier krije want der binne noch net in soad ynsekten. Faaks komme dy der mei de oprinnende temperatueren de kommende wike wat mear.

Winterske moarn yn maart

Grou, 11 maart 2023

Der is in bytsje snie fallen.
Noch gjin teken dat de maitiid komt.
Ik sjoch fanút it finster de einekuorren yn de beammen.
En ja, der leit in laachje snie op.

Op ien sit in eintsje om him hinne te sjen.
Dochs in maitiidsteken?
Einen hawwe gjin weet fan in kalinder, mar se witte hoefier’t it is.
It geheim fan de natuer!

Ik tink oan it prachtige gedicht fan ús grutte dichter Obe Postma.
Hy sjocht, hy rûkt dat de maitiid kommendewei is.
Postma wit him sterk ferbûn mei de natuer en de wrâld om him hinne.

Cees van der Meulen, Grou.

(Kursyf: Einekuorren yn ‘e beammemantels;
en: de dichter fielt syn djippe bân mei it ierdske.)

YN MAART

De loft is griis fan teare wolkeplumen.
’t Is myld of ’t nei de simmer giet;
De lichte leepkes draaie oer ’e finne,
De ljurken sjonge omheech har liet.

De bern boartsje yn ’e bûnte ûnderwâlen,
De feint giet mei de pols de lânen op;
Heech yn ’e mantels blinke ljocht de kuorren,
De einen ropp’ har fleurige foarjiersrop.

En efter fan it hiem, by skerne en dobbe,
Dêr komt in fijne rook no wei.
Dat is it foarjier! En út âlde tiden
Komm’ lang fergetten bylden mei.

Wêr wie it dochs, dat sokken lucht my strielde
Yn ’t jonge lok fan fleur’ge dei?
Fan leechste sinnen komt de djipste fieling,
Wat binn’ wy noch de ierde nei!


Obe Postma (1868 – 1963)

Film Beurs 2023

Grou 5 maart 2023

In moai filmke fan einekoerflechters op de beurs op 4 maart yn ‘De Trilker’ te Poppenwier.

Nêstkastje grôtfol nêstmateriaal

Dokkum/Grou, 26 febrewaris 2023

Fan Hendrik Kooistra krigen we in berocht oer in nêstkastje fan reid. In goede freon fan him hie ferline jier in nêstkastje fan reid by Hendrik kocht. It hie in prachtich plakje krigen op it hiem yn Drachtster Kompenije.

Nei de winter woe hy it skjinmeitsje en wer klear meitsje foar it nije briedseizoen. Hy kaam ta de ûntdekking dat it nêstkastje grôtfol mei nêstmateriaal siet. Wierskynlik hat in tomke (winterkoninkje) dat der allegear yn sleept. Kooistra stiet der fersteld fan: “Wat in lyts fûgeltsje al net in protte wurk fersette kin”.

Earste aai by Durk

Bitgummole/Grou 19 febrewaris 2023

Oft it it earste eine-aai fan 2023 is, witte we net. Mar by Durk Wynia leit in aai yn ‘e koer.

Om wat promoasje foar de einekuorren te meitsjen hat Durk in einekoer by de rotonde fan Bitgummole setten. Hy hopet hjirmei minsken oer de streep te lûken ek in koer oan te skaffen.

Oan de oare kant fan de dyk stie noch in âld koer fan Durk noch tusken de tuorrebouten yn in lyts puoltsje. Durk:”It wie de bedoeling om dizze derôf te heljen mar der blykt al in keurich nêst yn te sitten mei 1 aai. It liket my in farsk aai ta!. Ik ha de koer earst mar extra fêst set en folgende wike mar efkes sjen oft de ein trochsetten hat. Ik hâld jim op de hichte.”

Fernielde koer

Âldeboarn/Grou, 9 febrewaris 2023

As ferkeaper fan einekuorren moatte je de eagen iepen ha en tûk wêze. No, dat is Cor Snoeij wol tafertroud. Lês hjir syn ferhaal:

“Dizze koer is sneuvele tidens de koarte winterperiode. De minsken hienen de koer stean litten en wat jongelju moasten de koer sanedich efkes ‘besjen’. Ja op redens wie dat net sa’n grut probleem. Resultaat: koer dwerstroch. Ik seach it op Facebook stean en ha de minsken efkes in berjochtsje stoerd. Se hienen de koer fan in Strampellid kocht en doe’t ik sei dat ik se ek makke, ha ’k gelyk in nij eksimplaar ferkocht en hjoed ôflevere. Sa sjogge jo mar wêr…”

De fernielde koer

Earste belangstelling

Âldeboarn/Grou, 8 febrewaris 2023

“De koer amper útset of der is al belangstelling”, skriuwt Cor Snoeij by de foto fan de earste nijsgjirrige gasten op syn krekt útsetten koer.

As dit ek de nije bewenners wurde, sil de tiid útwize. Mar de ferwachting is dat dizze protters wol in oar plakje fine sille om te brieden.

Flechter(s) frege foar merk yn Winsum

Winsum/Grou, 8 febrewaris 2023

Op 3 juny 2023 is der yn Winsum (Grinslân) wer it ‘Schaapsscheerdersfestival’.
De organisaasje wol graach ien of meardere flechters fan De Strampel dy’t dêr flechtsje wolle. Der is no in better plak beskikber as ferine jier.

Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei Hilda Goltshoorn, tel. 06-27407313.