1 maart moatte de kuorren teplak

door

in

Grou, 29 febrewaris 2016    ♠   ♠   ♠   ♠   ♠

No’t de winter dy’t eigentlik gjin winter wie stadichoan hielendal fertiiget, kinne of better sein mòatte de kuorren 1 maart hingje. It einefolk hat fet op ‘e bonken, glânzget en kweaket en trêdet dat it sta seit. Wòl moatte de 10 geboaden fan it koerophingjen yn acht nommen wurde. Bygeande foto’s litte sjen hoe’t it wol en  hoe’t it net moat.

A D V I Z E N   F O A R   I T   K O E R – O P H I N G J E N

Wannear moat de koer nei bûten? Tusken 15 febrewaris en 1 maart. Op syn lêst 1 july wer droech ûnder dak opbergje. De rûchte, plûm en gelde aaien derút helje. Dan giet in koer jierrenlang mei.

Wat moat der yn de koer? Bygelyks wat koart knipt reid. De ein bestoppet syn aaien dêrmei. In útbrette koer skjinmeitsje en wer koart knipt reid deryn foar de twadde lêch. As der gjin rûchte yn de koer leit sloopt de ein jo koer.

Einen hawwe in hekel oan frjemde gasten. Katten, krieën, wezelings, murden, marters. De koer yn it wetter, dat is it feilichst.

Op in strampel is it moaist. Hoe meitsje jo sa’n strampel? Ien stok skean links en ien stok derfoar skean rjochts en dan yn de krusing fan dy twa in tredde stok skean nei efteren. Goed yn de boaiem stekke en de trijepoat mei tou of in pear lange spikers ta in ienheid meitsje.

Mar yn in beam is ek okee. Yn de gaffel fan in beam leit er goed. In steuntsje ûnder de koer om tefoaren te kommen dat de koer trochsakket troch it gewicht fan de aaien en it eintsje. In stikje blik of keunststof (amer?) om de stam om de katten te kearen. Op syn minst twa meter heech, katten kinne springe!

Hy moat in bytsje skean hingje. ± 40 graden. Dan kin it eintsje him sa op de râne delfalle litte om deryn te kommen. En kinne predatoaren minder maklik by de aaien.

Kinne de pykjes wol fan in hichte op ’e grûn falle? De dûnsfearkes wurkje as parasjútsjes. Allinne oppasse dat der gjin rôvers yn de buert binne.

Twa einen yn ien koer? Dan de helte fan de aaien út de koer helje, want ien ein kin gjin 20 aaien waarm hâlde. De sterkste ein sil briede.

Einen nea fan it nêst jeie. Set de koer sa dat de ein jo oankommen sjocht. Of klopje even op de beam, of sjong in ferske. Nei de middei is de bêste tiid om yn in koer te sjen.

Hoe lang briedt in ein? In ein briedt 27 dagen.