500ste koer!

door

in

Holwert/Grou 7 jannewaris 2022

Yn Holwert wurde in soad kuorren flochten: Gjalt en Els de Groot ha yn 2021 mar leafst 500 makke! Oft dit in rekord is, witte wy net. Mar it is wol in soad. Hjirby it ferhaal fan Gjalt:

Mei troch de korona beheinings yn ús deistige dwaan sitte wy, Gjalt en Els, hjir op 30 desimber oan ús 499 en 500ste koer te flechtsjen fan 2021. En wat sizze we faak sa by it flechtsjen tsjin elkoar; “Wat in gelok dat we dizze hobby ha”.

De 499ste en 500ste koer fan Gjalt en Els yn 2021

Wat moasten we oars yn dizze korona tiid en mei dit waar, wat kinne we hjir aktyf in oeren yn kwyt en wat is ’t moai wurk. En sa ûnder it flechtsjen wei, as myn hannen automatysk harren wurk dogge, wol myn geast sa graach wei dreame, lit ik myn tinzen gean troch de tiid. Kom ik op dat paad de Strampel tsjin, ús feriening fan Fryske einekoerflechters. Wat hat dat brocht yn dizze 10 jier fan har bestean, hjir yn ’t koart myn tinken:

  • It draacht by ta it yn stân hâlden fan de einepopulaasje;
  • We wurkje deroan mei in âld ambacht yn libben te hâlden;
  • It hat minsken by elkoar brocht;
  • It is in sûne beweging foar de lea;
  • Mar mear noch sûn foar de geast;
  • De kwaliteit fan de kuorren is ferbettere;
  • De fraach nei kuorren is tige grut wurden;
  • Der binne tal fan nije, kreative produkten flechtsjend ta stân kommen;
  • En as lêste, mar as meast weardefolle, wat ha ik yn dy 10 jier fan de Strampel prachtige minsken op myn paad troffen. Ik hoopje dan ek de earstkommende 10 jier noch diel út te meitsjen fan dizze unike feriening.

Gjalt de Groot.