Einekuorren Drylts

door

in

Drylts, 25 maart 2020

It is wenst dat De Strampel alle jierren trije einekuorren beskikber stelt foar in moaie opfallende lokaasje earne yn de provinsje . Yn de ledegearkomste fan novimber 2019 kaam it idee om de kuorren yn 2020 te pleatsen yn de fiver foar Nij Ylostins te Drylts.

Yn febrewaris is der kontakt lein mei de fûgelwacht Drylts en Easthim. Leden fan de fûgelwacht woenen de kuorren wol pleatse, mar de fiver by Nij Ylostins wie sa goed as tichtgroeid en net geskikt (mear) foar einekuorren.

De fûgelwacht hat doe in oar plakje socht en dat is de fiver foar it âld gemeentehûs fan Wymbritseradiel wurden. Fan foarsitter Sjoerd Feenstra krigen wy dit folgjende ferhaaltsje mei foto’s.

Acht bestjoer,

Sa’t wy ôfsprutsen hiene hjirby de foto’s fan it pleatsen fan de einekuorren dy’t Cor Snoei by my oan de doar brocht.

De man dy’t se yn it waadpak pleatst hat by de fiver fan it gemeentehûs te Drylts is Simon Dykstra, mei-bestjoerslid fan myn fûgelwacht Drylts-Easthim e.o. Wy hawwe it plan om de kuorren nei it briedseisoen op te pakken.

Wy fine it in leuk idee om fia jim feriening sa kuorren beskikber te stellen.

Mei in freonlike groetnis,
Sjoerd Feenstra