Allegear aksje by Eineprojekt

door

in

Dronryp/Grou 13 febrewaris 2021

By it Eineprojekt yn Dronryp wie it freed en sneon ek allegear aksje by it útsetten fan einekuorren yn it Eineprojekt.

Joehannes van der Meer: Freed ha wy by it Eineprojekt by Bauke Rosier in soad kuorren pleatst. Dêrby ha wy optimaal profiteard fan de iisflier. As der gjin iis leit, dan moatte wy mei in eigenmakke boatsje fan in pear surfplanken oanmekoar de kuorren útsette, mar dit is folle better.

De kuorren wurde op peallen en strampels pleatst. Johannes: De strampels steane op de eilantsjes dy’t spesjaal makke binne as nêstgelegenheid foar fûgels. Maaitiids briede dêr in soad fûgels. No op sneon binne wy yn aksje by de plasdras-gebieten om dêr kuorren út te setten. Yn totaal sette wy in lytse 200 kuorren út.