Allegearre kuorren yn ‘e Broek. En poeke is ek bliid !!!

door

in

Broek, 28 febrewaris 2015.

Lutske Visser koe sneon net op de beurs wêze, want se joech in wurkwinkel flechtsjen en skriuwt dêroer it folgjende:

“Sneon ha we yn Broek in gesellige middei hân mei seis froulju en ien man. Gerben van de Meer en ik ha dizze Broeksters de keunst fan it einekoerbreidzjen/ einekoerflechtsjen by brocht. Undertusken ha we de nijtsjes út it doarp bypraat. En nei in gesellige middei is elkenien mei in koer nei hús gien. Net elkenien, der wie ien dy hat der in koer foar de poes fan makke”.