Baas boppe baas

door

in

Grou, 29 july 2019

Der is dizze simmer troch de flechters wer omraak reid skard foar it nije flechtseizoen. De iene wat mear as de oare. Mar ja: baas boppe baas is fan alle tiden.

Durk Wynia hat blykber ek wer grutte plannen; op bygeande foto is de loads hast net mear te sjen troch al it reid dat der tsjinoan stiet…

It reidskarren is no wol sawat dien om’t de kwaliteit fan it reid minder wurdt foar it flechtsjen fan einekuorren. Al binne der ek guoddens dy’t yn septimber noch geskikt reid skarre.