Tige slagge Flechtersbeurs

door

in

Poppenwier, 23 febrewaris 2013

De Strampel organisearre op sneon 23 febrewaris 2013 in beurs yn ‘De Trilker’ te Poppenwier. Fan 10.00 oant 16.00 oere joegen ferskate leden fan ús feriening demonstraasjes  fan har flechtmetoade. In soad minsken kamen del om der nei te sjen, in praatsje te meitsjen en … in koer te keapjen. Hiel wat flechters wiene folslein troch harren foarried hinne. Ek joech in tsiental besikers him op as lid. ‘De Strampel’ hat no al 60 leden. In tige slagge evenemint! Omrop Fryslân wie der ek. Klik op reportaazje en start it filmke.