Beurs wie bearegesellich, in soad kuorren ferkocht!

door

in

Poppenwier, 27 febrewaris 2016.

(op foto klikke makket ‘m noch moaier!)

It wie wer in gesellige dei, dêr yn it smûke doarpshûs De Trilker’ yn Poppenwier. Moarns om tsien oere sieten de flechters al klear om te begjinnen mei harren safolste koer fan dit winterskoft. Kees Terpstra út Wikel, Jan Falkena út Oerterp, Lolke van der Meer út Wergea, Sjouke de Groot út Hinnaard, Bouwe de Groot út Grou, Bertus Kuperus út Wurdum, Els de Groot út Holwert, Riepke Glas út Mûnein en Hindrik Kooistra út Âldtsjerk makken elk wer unike kuorren. Unyk, want gjin koer is gelyk oan de oare. Echt hânwurk. Echt ambachtswurk … en dat âlde ambacht wolle de Strampelaars libben hâlde. Wetterlânkuorren, klaaikuorren, Trynwâldsterkuorren en de izersterke Wurdumerkuorren fan Bertus!

De hiele dei troch skarrelen de minsken rûnom wei by de flechters lâns. Der binne tsientallen kuorren ferkocht, de hannel wie goed! Yn de gelachkeamer wie op de biljerttafels de snypsnaren-hannel útstald en Hinke Terpstra en Jinke Kuperus diene goeie saken yn apenútklokjes, minikuorkes en … rikke iel!