Briedresultaten Holwert

door

in

Holwert/Grou, 1 july 2021

Gjalt de Groot docht ferslach fan de briedresultaten fan syn kuorren.

Ik hie 19 kuorren útset, en ha de aaien oant 10 april fandele (200). Dêrnei noch in 40 aaien út de kuorren helle om de boel wat by te stjoeren. Soms leinen der twa einen yn ien koer. Oare kuorren kamen te folle aaien yn. Yn prinsipe wol ik se op 8 aaien briede litte en gjin piken foar maaie.

De kuorren:
  • 10 op strampels by de mûne. Grut súkses.
  • 4 yn beammen mei rûnom de stam 60 sm blik (tsjin stienmurden). Grut súkses.
  • 2 op strampel, wêr’t ik oer in planke by kommen koe. Mislearring; binne úthelle (predaasje).
  • 2 op it âlde skythús op de kolk: earste lêch mislearre troch predaasje; twadde lêch útkommen.
  • 1 ferskûle yn beamkeguod. Hie de winter der hongen. Hat net in ein yn west – tink ferkearde rook oan de koer (ûnrant).
  • 1 koerpanne yn deade wylgebeam. Grut sukses.
Koerpanne yn wylgebeam
Op it stuit 30 juny:
  • Sit der noch 1 ein en 2 bercheinen te brieden;16 kuorren oppakt;
  • Ha yn totaal 26 einen op aaien sitten;
  • 2 ha de boel ferlitten;
  • Wat minder gelde aaien as oare jierren.

In pear fragen:

  • Ha de lette brieders mear gelde aaien dan de earste brieders?
  • Nimt de aksje fan jerken om de ein te trêdzjen letter yn ’t foarjier op nei de simmer ôf? (juny)
  • Ha’t dat ynfloed op befruchting en dêrmei mear gelde aaien by lette brieders?

Groet, Gjalt

Wa’t it antwurd hat op de fragen fan Gjalt kin kontakt opnimme mei it bestjoer, dan kinne wy dat hjir melde. Jo meie dat dwaan fia de mail, mar belje mei ek.

Update 2 july 2021:

Gjalt skriuwt: It witte eintsje rint mei trije healwoeksen jongen oer it hiem by de beam wêr’t harren koer hong. It witte eintsje wie de earste dy’t ik briede litten hie. Kamen 7 pykjes út de koer. We ha se derút springen sjoen ( 3 meter heech).