Bysûnder eineprojekt by Dronryp

door

in

Dronryp, 21 novimber 2018

De agraryske alve stêde-eilannen

It wylde eine-projekt by Bauke Rosier en Jaap Tjaarda is foar it twadde jier wer in súkses wurden.

Mei in lette winter yn febrewaris, sels noch -10 graden op 28 febrewaris om krekt te wêzen. Op sneon 3 maart koene we noch op it iis, om de kuorren in plakje te jaan. Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer hiene de sjaal om en de mûtse op, om yn dy kjeld in bytsje waarm te bliuwen.

op it iis kuorren pleatse
3 maart noch op it iis…

It earste jier hiene we 10 kuorren en dy wiene ek allegear beset, no ha we mei inoar 20 útset. Ek ha we nochris 4 nêstkasten in plakje jûn.
De wylde einen en bercheinen meie hjir graach wêze, fan de 20 kuorren wiene der 19 beset. Der ha ek in protte foar de twadde kear bret. Yn de tiid fan de kontrôles binne der in protte einepiken útkaam.
De moaie reidkraach efter de einekuorren wie ek in lust foar it each, hjir fûnen we nestkes fan de reidmosk, de karrekyt en it reidhintsje. De iisfûgel is der ek sjoen, en de wite reager slepte wolris op in eilantsje. De strânljip hat ek bret op in eilantsje, moai no, ek 3 pear kluten binne sjoen. De bercheinen wiene ek talryk oanwêzich. Ek wiene der swermen boereswellen út de pleats fan Bauke Rosier.

 

By it opromjen fan de kuorren mids july, siet der in deade nylgoes yn in koer, hy koe der blykber net wer útkomme. Oan de westkant fan de plasse stiet no in twadde hutte, sa kin it skouspul oan twa kanten besjoen wurde. Wy binne der wer klear foar, oer in pear moannen is it wer safier.

De mannen Bauke Rosier, Jaap Tjaarda, Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer wurde betanke foar de meiwurking foar it wolslagjen fan dit bysûndere eineprojekt.

Dronryp, mei Groetnis, Tamme Veldstra, Johannes van der Meer en Sander Hempenius.