De jacht op jerken

door

in

Grou, 28 oktober 2020 

De namme Bouwe de Groot út Grou komme wy gauris tsjin yn de rubryk ‘Nijs’. Mei regelmaat set Bouwe syn befinings op papier. Sadwaande witte wy dat Bouwe in betûfte einekoerflechter is dy’t ek dit winterskoft in in soad kuorren makket. Mar hy is ek in fanatyk jager. Syn ûnderfinings mei de jacht wol hy no graach mei de leden fan De Strampel diele. Hy neamt it de einetelling.

Bouwe seit dat sy no fjouwer kear it lân yn west hat om te jeien. Wat harren opfoel wie it grutte tal wylde einen yn ferlyk mei eardere jierren yn harren 3600 ha. grutte jachtfjild. Fral om Wurdum hinne wienen in soad, neffens Bouwe. Ek tusken Grou en Warten seagen se in protte wylde einen.

Opfallend wie noch altiten it grutte tal jerken. Bouwe: “Fiif oant seis jerken op twa eintsjes is normaal. Mei gemak skeaten wy 57 jerken op ien middei en ien eintsje”.

Op ien lokaasje troffen sy bûnte of oars kleurde einen oan, ek wol sopeinen neamd. “Om it suver te hâlden besykje wy dizze safolle mooglik te sjitten”

Oer Bouwe syn flechtaktiviteiten: “Ferskate jagers ha by my al wer kuorren besteld omdat dit ta súkses laat.”

De foks en oare predatoaren binne noch oanwêzich wat neffens Bouwe ferlies fan nêsten en piken fan gefolgen hat.

Neiskrift: Oer de jacht wurdt ferskillend tocht. It ferhaal fan Bouwe ha wy dochs opnommen om oan te jaan hoe’t it der yn de natuer – yn dit gefal de einen – om en ta giet en hoe’t minsken dêr grip op krije wolle.
Mar men heart ek wol: wêr’t de mins yngrypt yn de natuer giet it mis…

Dit jier hat WBE Skarsterlân 100 kuorren kocht mei as doel de einen in feilich briedplak te jaan.