It nêst fan de reidhin op de koer

door

in

Grou, 7 july 2022

Juster hat fûgelwacht Grou de kuorren wer ynhelle dy’t ein febrewaris op ferskate plakken yn it doarp útsetten wiene. Op himsels neat bysûnders, want dit is de tiid dat de measte kuorren wer ynhelle wurde om se takom jier wer brûke te kinnen.

It briedsúskes wie wol ardich: 7 fan de acht kuorren ha bewenne west mei 6 kear briedsúskes. Yn ien koer leinen 8 aaien dy’t net bebret wienen, ferlitten dus.
Wat der fan de piken telâne kommen is, is net bekend.

Ien koer wie kreake troch in spantsje reidhinnen, dy hienen in nêst op it saaiboerd fan de koer makke. Yn it berjocht fan 30 april 2022 is hjir al wat oer skreaun. No is dat wol faker bard. Ûnder oaren yn 2016 en 2018 (2x) waard melding makke fan gefallen wêrby’t in reidhin it hegerop socht hie. (As jo links op it skerm yn it sykfinster ‘Zoeken’ reidhin yntikke en dan op Enter drukke, komme de nijsberjochten fan dy gefallen op it skerm.)

Nijsgjirrich is hoe’t sa’n nest makke is. De iepening fan de koer, dy’t ûnder in hoeke fan sa’n 45° op de strampel hong, wie troch it spantsje reidhintsjes fakkundich tichtmakke mei snilen, reid en oare planten. It wie in tichte fêste flochten boaiem mei dêrûnder wat losse rûchte. Oan de stikjes aaidop wie te sjen dat de aaien útkaam binne. Sy sille harren wol op deselde wize as de einepykjes yn it wetter falle litten ha.

De foto’s litte sjen hoe’t it nêst yn de koer makke is.