De Kooistra’s preken net, mar frisselen wol yn tsjerke!

door

in

Dokkum / Grou, 21 febrewaris 2016.

De bruorren Kooistra fan Dokkum hawwe op sneon 7 febrewaris oan 8 minsken it koerflechtjen leard yn de kr.griff. tsjerke. Om healwei tsienen prottelkofje en in grouwe hompe boffert en om 10 oere plat deroar!!! Foar guon minsken wie it in hiele klus om foar fjouweren it kerwei klear te krijen, mar elk is mei in koer nei hûs ta gien.

(even op in foto klikke, dan wurdt er noch moaier)