De kursussen binne wer los

door

in

Holwert/Dokkum, 11 novimber 2023

No’t it winterseizoen wer oanbrutsen is, binne ek de kursussen wer los. Yn Holwert wie op sneoan 11 novimber in kursus yn ‘It Swetshok’ fan Gjalt de Groot. Hendrik Wierstra hat dêr in tal leafhawwers it ambacht fan it koerflechtsjen bybrocht. “De âldste dielnimmer wie 84 jier”, seit Gjalt de Groot, “dy hat dus noch wol moed.” Lykas wenst yn ‘It Swetshok’ waard ôfsluten mei in noflik praatsje en in slokje.

Yn Dokkum ha de bruorren Bouwe en Hendrik Kooistra de earste kursusdei fan dit winterseisoen hân. Sân kursisten fan ûnder oaren de fûgelwacht Burgerheide (Noardburgum) ha dêr de earste wrakselingen hân mei it flechtsjen. “Want alle begjin is moeilik”, seit Hendrik Kooistra, “mar mei in bakje pruttelkofje en stikje boffert in bytsje weiwiis meitsje komt it begjin fan de koer der wol. En as dan de stekpinne der by komt giet it stadichoan hieltiten better.” Geandewei krigen de kursisten it aloan waarmer, neffens Hendrik. “De houtkachel wie oan, mar dy wie gau te waarm want de measten hienen it swit al dik op de holle.” De kachel koe dus wol út. Om fjouwer oere hinne wiene de kuorren klear klear en krigen de flechters in sertifikaat. Nei in Dokkumer slokje koenen de nijbakken flechters grutsk mei de eigenmakke koer op nei hûs ta.