De put derút

door

in

Grou, 25 april 2020

Cees van der Meulen hat altiten in skerp each foar de natuer, benammen foar alles wat mei einen fan dwaan hat – dat soenen je ek net oars ferwachtsje fan in âld-skriuwer fan De Strampel. Wenjend oan it fredige Nij Djip, sa’t hy dat sels neamd, falt it each gauris op de einen dy’t dêr omhingje. Ja want sa kinne je it gedrach fan einen wol neame: faak sittend/sliepend op de wâl of op in houten steger. No seach hy in stikmannich jerken. Cees skriuwt dêroer:

Dizze fiif jerken ha de put derút. Se sitte te wachtsjen op de komst fan de piken by harren eintsje. It binne mannen dy’t ek skerp binne op eintsjes dy’t even fan de aaien komme. Dan giet it der faak raar om en de ta. Sommigen sizze, ja dat is de natuer. Oaren fine dat der fierstentefolle fan dy testoteronbomkes binne. Dy eintsjes binne de slachtoffers, sa fine se.

It is mar krekt mei wat foar in blik as je nei dit sa freedsume plaatsje sjogge. Miskien is it wol yn it moderne jargon: a man cave,  In plak der’t mannen elkoar treffe foar in mûltsje drinken en in smout ferhaal.  Mannen ûnder elkoar.

Op in oar plak yn Grou kamen trije jerken op besite yn de achtertún. Alle dagen komme in jerke mei in eintsje yn de fiver by Bonne Bruinsma, mar no hie de jerke twa oare jerken meinommen. Faaks om efkes sjen te litten wêr’t hy oerdeis geregeldc útspoeket mei syn eintsje.

Nei wat strideraasje oer en wer koenen hja it wer aardich fine en swommen in tiidsje fredich njonken elkoar yn de fiver. Miskien sieten der wol in pear jerken fan Cees by…