De Strampel by Poppenwier yn en út

Poppenwier, 24 en 25 novimber 2018.

Dit jier wie De Strampel foar it earst oanwêzich by de manifestaasje Poppenwier yn en út.  Beide dagen wiene der flechters en in tafel fan De Strampel mei wat lytsguod dat mei it flechtsjen te krijen hat. Wy hienen de beskikking oer de grutte seal fan doarpshûs De Trilker.

Dêr sieten sneon te koerflechtsjen: Lolke van der Meer, Hindrik Kooistra, Riepke Glas en Jan Lautenbach. Op snein wiene Jan Falkena, Bouwe de Groot, Lolke van der Meer, Durk Wynia, Jan Lautenbach, Hendrik Wierstra en Mees Nauta oan it flechtsjen. Mees wie der ek mei syn oare hobby: it loaien fan fiskhûden en it beklaaien fan boekjes en doaskes mei dat spesjale lear.

In moaie strampel mei in koer derop, reid, flaaks en einekuorren makken it plaatsje kompleet.

Der wie op ien fan de siden fan de seal in lytse bioskoop makke. Dêr waard de moaie film fan De Strampel fertoand. Dat wie wol in súkses want guon minsken seagen de film wol twa of trije kear achterelkoar. Foar wa’t de film noch net hat: hy is te keap, sjoch mar even by ‘fraach en oanbod’.

Snein waard de seal ek nochris ekstra opfleure troch de folkgroep ‘Volk’ fan Grou. Snert en rikke iele makken de saak kompleet! It publyk èn de flechters wiene dik tefreden!

Hjirûnder wat foto’s fan sneon en snein. As jimme op de foto’s klikke, dan komt der in grutter plaatsje yn byld.

Troch op de ôfbyldings te klikken komme dy grutter op it skerm.