DE STRAMPEL lid fan de AFRON

door

in

Grou/Britswert, 25 jannewaris 2016.

De Strampel hat him oanmeld as lid fan de Afron en de Afron is lid wurden fan De Strampel.

De Afron, de ‘Vereniging voor Agrarisch Friesland Oud en Nieuw, is 1984 oprjochte mei as doel ‘het bevorderen van optimaal bewaren, registreren, tentoonstellen en/of demonstreren van historisch belangrijke werktuigen, gereedschappen en werkwijzen op agrarisch gebied in heel Friesland’.

De Afron wol dat doel neistribje troch it organisearjen fan tentoanstellings ensfh. èn troch gear te wurkjen mei besibbe organisaasjes, lykas de Strampel. De Afron telt 150 leden.

Op 12 septimber hat De Strampel gearwurke mei de Afron by it rûpelbarren yn Ferwert. (sjoch dizze nijsrubryk septimber 2015).

Dat hat foar beide ferieningen in learproses west dat eintsjebeslút resultearre yn it oer en wer lid wurden. Beide sjogge we mooglikheden elkoars bestean te fersterkjen.

Sa kinne no fertsjintwurdigers fan Afron as lid oanwêzich wêze yn ús jiergearkomste yn novimber. Ek kinne leden fan De Strampel gearkomsten fan Afron bywenje.

We hoopje beide op in fruchtbere gearwurking.