De Strampel op ‘Broed’

door

in

Dokkum/Grou 15 maaie 2024

Op sneon 11 maaie wie yn Âlde Leie it ‘Biodiversiteitsfestival BROED’.

De Strampel wie dêr ek wer fertsjintwurdige, dizz’ kear mei de bruorren Kooistra út Dokkum.

It evenemint wie yn en om de eardere fabryk fan Kooiaap, dat no ‘Broedplaats Nije Leie’ hyt. De mannen hienen in moai plakje yn de tige grutte fabrykshal dêr’t op dizze dei fan alles te sjen en te dwaan wie, allegear op it mêd fan bioferskaat. Foar grut en lyts wie der fan alles te belibjen: lêzings, demonstraasjes, muzyk, teater en net te ferjitten de streekmerk dêr’t in protte streekprodukten te keap wienen.

De Kooistra’s ha wer goede hannel dien, want binnen trije oeren wie alles ferkocht. Dat de mannen moasten oan de bak om nije einekuorren te meitsjen. Mar dy wienen ek yn rap tempo fuort. “We ha in prachtige dei hân”, skriuwt Hendrik.